Bestelle
Stjoer in mailtsje fia de kontaktside om ien fan dizze boeken te bestellen.  

De boeken kostje € 15,- it stik. 

 


 


Oeral binne bisten is opnommen yn de IBBY Honour list 2008 en de List of White Ravens 2007.  

The International Board on Books for Young people (IBBY) jout om it jier de Honour List
út, in oersjoch fan de berne- en jongereinboeken fan tige hege kwaliteit, útjûn yn de mear as 65 by IBBY oansletten lannen.

De nasjonale seksjes fan IBBY drage hjirfoar boeken oan dy't útblinke troch tekst, yllustraasjes of oersetting.
Njonken in Nederlânsktalich boek is it Frysktalige Oeral binne bisten hjirfoar útkeazen.  

De list fan White Ravens is in seleksje jongereinboeken út 45 lannen, dy't neffens de Ynternasjonale Jugendbibliothek yn München oer de hiele wrâld oandacht fertsjinje.